Eala Fria Fresena!

Fan de wylde see besprongen, tuzen keren op ‘e nij.
Faak bekampe, nea betwongen, wien de Friezen, rûn en frij.
Frijdom wie de heechste wet, yn it eale Fryske hert.

Mannen sjong, mannen sjong, mannen sjong elkoar dan ta,
mannen sjong, mannen sjong Eala Fria Fresena.

Mei de gleone skerpe swurden focht him d’aldfaar eare frij,
Bliuw dan golle rune wurden, spreuk fan d’alden bliuw us nei.
Mei ek namme en taal fergean, do o frijdom bliuw bestean!

Klink dan rûn, klink yn ’t rûn oan de fierste neiteam ta;
Klink dan rûn, klink yn ’t rûn Eala Fria Fresena.

Piter Jelles Troelstra (ca. 1886)