Koarnwertersân, ús wenplak, is in doarp op “De Ôfslútdyk”. It leit yn de gemeente Súdwest-Fryslân.
Koarnwertersân is ûntstien op in kunstmjittich eilân dat oanlein is foar it wurk oan de Ôfslútdyk. It leit op de eardere sânplaat yn de Súdersé mei deselde namme.
Om’t it in earder eilân is, wenje wy ek net “yn” Koarnwertersân, mar “op” Koarnwertersân. Yn it doarp stean 14 hûzen en der hawwe har rom 20 minsken ta wenjen setten.